058-7890789 gruttepierdefamylje@tresoar.nl

Dizze webside diele

Grutte Pier ‘DE FAMYLJE’ is in grutte syktocht nei de neiteam fan de legindaryske Fryske frijheidsstrider Grutte Pier. Elkenien yn Fryslân, Nederlân en dêrbûten wurdt oproppen om út te sykjen oft hy/sy famylje is fan Pier. Ferwanten wurde offisjeel tafoege oan DE FAMYLJE en wurde útnoege op De Grutte Pier Famyljedei op snein 19 juny 2016 yn Kimswert.

Grutt Pier 'DE FAMYLJE' is in gearwurkingsprojekt tusken Tresoar en PeerGrouP Locatietheater Noord-Nederland.

PeerGrouP Locatietheater Noord-Nederland wurket oan in trijelûk oer Grutte Pier. Op 29 jannewaris l.l. waard ienkear it barren Grutte Pier ‘DE BRâN’ yn Kimswert organisearre. Mei de happening stie de PeerGrouP stil by it feit dat it dy dei krekt 500 jier lyn wie dat Grutte Pier yn opstân kaam en de striid oangie mei de besetters fan Fryslân. Yn de simmer fan 2016 folget yn Kimswert it twadde diel: 'Grutte Pier fan Kimswert', in grutskalige iepenloftfoarstelling mei akteur Dimme Treurniet as Grutte Pier.

Tresoar is it bewarplak fan de skiednis fan Fryslân en hat it doel om de skiednis fan Fryslân tagonklik te meitsjen foar in sa breed mooglik publyk, sawol fysyk as digitaal. Yn it projekt Grutte Pier ‘DE FAMYLJE’ besiket Tresoar fia in Fryske folksheld en in maklik digitaal stambeamûndersyk minsken bewust te meitsjen fan harren identiteit.

Tresoar en PeerGrouP ferbine kennis en ferbylding yn Grutte Pier ‘de FAMYLJE’.

 

Grutte Pier ‘DE FAMYLJE'

Bewiis it op Facebook!

Tinksto datsto der ek ien bist fan Grutte Pier of kensto immen fan wa dat sûnder mis sa is?
Dan sjogge wy graach in bewiis fan dyn besibbens op in orizjinele wize pleatst op ús Facebookside.

Dat kin lyk as it lûdsfragmint wêze, mar dat hoecht fansels net!

Lûdsfragmint beharkje

Folgje ús op Facebook